Stipe foar Kollumer krante

30 okt 2002 - 00:00

It Bedrijfsfonds voor de Pers jout it Nieuwsblad voor Noord Oost Friesland op syn meast 126.000 euro stipe om in nij redaksjesysteem oan te tugen. It nije systeem moat it de redaksje fan 4 man mooglik meitsje om tenei njonken de krante ek in website te meitsjen.

Ferskate klanten en relaasjes fan it nijsblêd freegje dêr om. As de krante net ynvesteart stiet de takomst faai.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)