Stipe foar JSF bliuwt

27 okt 2012 - 10:30
  • De F35, better bekend as de JSF

VVD en PvdA bliuwe derby om dielname oan it JSF-programma te stypjen. Dat ha boarnen om de kabinetsformaasje hinne witte litten. Dat betsjut ek dat se trochgeane mei de testfaze fan it Amerikaanske gefjochtsfleantúch. Yn 2015 wolle de partijen in beslút nimme oer de ferfanging fan de F16 dêr't de loftmacht no noch mei wurket. PvdA woe earder noch út it JSF-programma stappe, mar dat soe in soad jild kostje. Trochgean mei de JSF kostet ek jild en dat soe betsjutte dat definsje de ambysjes oanpasse moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)