Stipe foar Jouster bedriuw

12 okt 2005 - 08:48

It Jouster bedriuw Trilobes krijt stipe fan de Nederlandse Ontwikkelingsmaatschappij (NOM). Trilobes ûntwikkelt opslach- en transportsystemen foar bedriuwen dy't fruchtesappen meitsje.

Mei de liening fan de NOM kin Trilobes fierder groeie. Ien fan de aktiviteiten dêr't it bedriuw fierder mei wol is de ûntwikkeling fan waarmtekrachtsintrales dy't stookt wurde mei palmoalje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)