Stipe foar jild jeugdsoarch

10 jan 2011 - 17:10

Wethâlder Asscher fan Amsterdam en de koepelorganisaasje IPO fan provinsjes fine dat der mear jild komme moat foar gesinsfâden. Dat seit direkteur Sprokkereef fan Buro Jeugdsoarch Fryslân. Tûzen minsken wiene moandei op in manifestaasje yn Amersfoort om dúdlik te meitsjen dat it ryk 8 persint mear finansjele stipe jaan moat. De fâden krije it oars te drok.

Steatssikretaris Teeven fan justysje en feiligens sil tongersdei dúdlikens jaan oer de kwestje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)