Stipe foar húskes yn Mozambyk

14 jul 2010 - 15:22

It Fryske projekt Agua limpa (skjin wetter) yn Mozambyk hat twa miljoen euro subsydzje fan it ministearje fan ûntwikkelingsgearwurking krigen. Wetterskip Fryslân en in stikmannich oare partijen wurkje hjir oan mei. Doel is om noch folle mear húskes op skoallen te bouwen.

De húskes wurde pleatst by skoallen yn stedswiken yn Mozambyk. Dat is nedich ek, want in soad bern hawwe thús gjin húske. De bern moatte dan ek leare hoe't se it húske brûke moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)