Stipe foar garnalefiskers

29 nov 2006 - 06:29

Garnalefiskers dy't yn 'e knipe sitte krije meiïnoar 30.000 euro stipe fan de provinsje Fryslân. It jild wurdt yn oerlis mei de fiskerijbûnen ferdield.

Garnalefiskers hawwe it dreech omdat de priis fan garnalen fierstente leech is. Ofspraken om minder te fiskjen om sa de priis op te driuwen, waarden ôfstraft troch de Nederlandse Mededingings Autoriteit, want sokke priisôfspraken binne ferbean yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)