Stipe foar garnalefiskers

06 feb 2003 - 00:00

De Twadde-Keamerfraksjes fan CDA en PvdA komme op foar de garnalefiskers. Dy krigen hege boetes fan de NMa om't se tefolle gearwurkje. Dy gearwurking is lykwols ta stân kaam om oerbefisking yn de Waadsee foar te kommen.

De Keamerleden Tichelaar en Atsma binne benaud dat wer oerbefisking komme sil as de garnalefiskers net mear gearwurkje meie. Sy hawwe de minister en de steatssekretaris frege om te bemiddeljen tusken fiskers en NMa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)