Stipe foar ferkeap biobrânstof

12 maaie 2009 - 19:25
  • Provinsje stipet tankstasjons dy't duorsume brânstoffen ferkeapje

Tankstasjons yn Fryslân dy't mei in ierdgas-, biodisel- of bio-etanolpomp begjinne wolle, kinne subsydzje krije fan de provinsje. Der binne no fjouwer plakken yn Fryslân dêr't automobilisten duorsume brânstoffen tanke kinne.

Yn 2015 moatte der 100.000 auto's yn Fryslân op duorsume brânstof ride, sa is de doelstelling. Dêrom stipet de provinsje ûndernimmers dy't dy brânstof ferkeapje wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)