Stipe foar earme reedriders

06 jan 2005 - 11:39

Tritich reedriders út tsien Europeeske lannen krije út Nederlân wei finansjale stipe. Auto-ymporteur KIA Nederlân en detasjearringsbedriuw Yacht binne 'partners yn sport' wurden. Se wolle sa de reedrydsport yn earmere lannen nei in heger plan tille.

De logo's fan beide bedriuwen binne takom wykein al te sjen op de pakken fan 'e dielnimmende riders oan it EK allround op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)