Stipe foar Alpe d'Huez-klim

20 mrt 2011 - 12:27

Achtkarspelen jout 1500 euro oan seis dosinten dy't de Alpe d'Huez beklimme sille foar it goeie doel. It giet om leararen fan it Lauwers College en skoallemienskip Singelland yn Surhústerfean. 9 juny sille se op 'e fyts de berch beklimme om jild yn te sammeljen foar de striid tsjin kanker.

De dosinten binne al moannenlang yn training. De gemeente Achtkarspelen is bliid mei de gearwurking tusken de skoallen en har ynset foar it goeie doel en stelt dêrom jild beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)