Stipe foar âld bedriuweterrein

23 sep 2013 - 12:50

Der binne 60 bedriuwenterreinen yn Fryslân dy oan in opknapbeurt ta binne, mar de gemeenten hawwe te min jild om dat te dwaan. Dêrom ferheget de provinsje de subsydzjes foar de oanpak fan âlde bedriuwenterreinen fan 25 prosint fan de kosten nei 50 prosint. Der sit sa'n seis miljoen euro oan ryks- en provinsjejild yn de pot.

De provinsje hopet sa de werstrukturearring te stimulearjen. Deputearre Konst tinkt dat bedriuwen oars de fertutearze terreinen ferlitte sille en ferhúzje. Je soene dan 'rotte kiezzen' krije by doarpen en stêden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)