Stipe Atelier Fryslân beprate

20 okt 2010 - 15:55

Provinsjale Steaten moat beslute oft Atelier Fryslân ek de kommende twa jier subsydzje fan de provinsje krijt. It kolleezje fan Deputeare Steaten mei dat net sels beslute. Dat fynt Van Mourik (VVD).

De provinsje hat jild foar Atelier Fryslân yn de begrutting opnommen. Van Mourik wol dat beprate. Ek fynt er dat Atelier Fryslân eins in oerstallich inisjatyf is dat net út de ferve komt. Yn Atelier Fryslân jouwe saakkundigen advys oan de provinsje oer romtlikheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)