Stipe asylsiker by baan heitelân

24 feb 2006 - 10:49

Vluchtelingenwerk Fryslân sil asylsikers, dy't it lân út moatte, helpe in baan te finen yn harren heitelân. It giet om in nij projekt dat Fryslân tegearre mei Antwerpen, Tilburg en Leiden opsette sil.

De bedoeling is om asylsikers te begelieden op harren paad werom nei it lân fan komôf. It bart gauris dat weromkearde asylsikers net witte wêr't se earst of lêst begjinne moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)