Stinzetunen wurkje gear

22 feb 2004 - 00:00

De tweintich Fryske stinzetunen sille gearwurkje om sa har unike flora te behâlden. De tunen mei bysûndere planten en blommen binne ieuwen lyn oanlein en in typysk Frysk ferskynsel.

Stinzetunen binne ûnder mear te finen by Jongemastate, Martenastate en Dekemastate. Mei Lânskipsbehear Fryslân wurdt no in begjin makke mei it útwikseljen fan kennis tusken de ferskillende behearders. Der wurdt ek neitocht oer mienskiplike promoasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)