Stinzefeest te betiid ôfrûn

27 sep 2000 - 14:24

Fryske studinten wiene sneontenacht lulk op hoareka-kompleks 'De Koperen Tún' yn Ljouwert. De Koperen Tún wie it dekor fan it tredde Stinzefeest. It tema fan it Fryske galafeest wie dit jier 70 jier Fryske Studinteferienings.

Ta ferbjustering fan 'e organisaasje gie de bar al om ien oere ticht, en dat wie in oere earder as ôfpraat. Neffens De Koperen Tún wie de baromset te leech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)