Stimpelchip by Alvestêdetocht

11 des 2008 - 20:30

By de earstfolgjende Alvestêdetocht kinne wedstrydriders ek stimpelje mei in chip. De riders krije in soarte fan stjoerder mei, dy't yn alle Fryske stêden de tuskentiden registreart. De wedstrydlieding fan de 'tocht der tochten' hopet op dizze wize flaters yn de útslaggen foar te kommen.

Sa ûntbruts rydster Baukje Bron yn de einútslach fan de lêste tocht yn 1997, wylst de Friezinne as tredde oer de einstreek kaam. De tradisjonele stimpelkaart bliuwt wol bestean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)