Stimmingsorkest by Omrop

01 apr 2013 - 10:47
  • Stimmingsorkest
  • Holly Meijer fan dûnsklup Nocht en Wille yn Berltsum

By Omrop Fryslân is peaskemoandei de twadde edysje fan de dei fan it stimmingsorkest. De studio sit fol publyk. Der is spesjaal omtinken foar de dûnsklups dy't op tal fan plakken yn Fryslân wiene, fral yn de jierren '60. Bygelyks yn de Twee Gemeenten yn Jirnsum, of de Harmonie yn Ljouwert.

In oare bekende dûnsklup wie 'Nocht en Wille' yn Berltsum. Dêr kamen sneontejûns wol 500 minsken foar optredens fan grutte nammen as BZN, Anneke Grönloh, Peter Koelewijn, Gert & Hermien en Ronnie Tober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)