Stimming oer feemerk: 74 - 74

03 jul 2001 - 00:00

De stemming oer de CDA-moasje om de regels foar feemerken te ferromjen einige tiisdei yn de Twadde Keamer ûnbeslist. 74 Keamerleden stimden foar, in selde tal stimde tsjin. Twa Keamerleden wiene ôfwêzich.

Yn de moasje fan Joop Atsma stiet dat feemerken njonken slachtfee ek weidfee ferhannelje meie. Tongersdei wurdt op 'e nij stimd oer de CDA-moasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)