Stimmen Amelân net opnij teld

27 mrt 2014 - 17:50

Der sitte tenei gjin aktive riedsleden mear op it stimburo fan It Amelân. Dat is it resultaat fan de gong fan saken by de lêste gemeenteriedsferkiezings. Der wie reboelje ûntstien oer in pear ûnjildige stimmen fan it stimburo Nes, dy't troch de stimkommisje toch jildich ferklearre waarden. As ien dêrfan net jildich ferklearre wie, hie Algemeen Belang Ameland de grutste partij west mei ien stim ferskil.

Uteinlik is de gemeenteried akkoart gien mei de ferklearring fan de boargemaster dat der gjin juridyske grûnen binne foar hertelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)