Stimme op Fedde Schurerpriis

15 okt 2008 - 17:09

Fryske boekeleafhawwers kinne no stimme op de nominearre kandidaten foar de Fedde_Schurerpriis. Dat hat de provinsje bekend makke. Stimme kin fia de webside fan de provinsje, fia in sms of oer de post.

De nominearre skriuwers binne Elske Schotanus mei har roman Skrik, Jaap Krol mei de roman M/F en Simon Oosting mei de gedichtebondel Rauwe Fisken op Wynfear Wolkens. De winner fan de Fedde Schurerpriis wurdt 11 desimber bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)