Stimme foar sportprizen

18 feb 2012 - 08:29

Fierljepper Bart Helmholt, keatser Daniël Iseger, skûtsjesiler Douwe Visser en follybalster en keatster Fenna Zeinstra binne nominearre as Frysk sporter fan it jier. Op 15 maart wurdt de winner bekend makke op it sportgala. Oant 12 maart kin der troch it publyk stimd wurde op de nominearden. As sportman fan it jier binne siler Pieter-Jan Postma, hurdfytser Pieter Weening en turner Epke Zonderland nomineard. Foar sportfrou fan it jier kin stimd wurde op sylster Marit Bouwmeester en de reedrydsters Ireen Wüst en Margot Boer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)