Stimme foar opknapbeurt Gea

11 sep 2014 - 14:53
  • De fjouwer lokaasjes dêr't op stimd wurde kin
  • It feanslûske Helomapolder by Wolvegea
  • De einekoai Eanjumerkolken by Eanjum
  • Jongemastate yn Raerd

It Fryske Gea ropt de help yn fan it publyk by it bepalen hokker plak as earste in opknapbeurt krijt. It giet dan om om kultuerhistoaryske eleminten yn it lânskip. De natuerorganisaasje hat, yn gearwurking mei it Omrop Fryslân-programma Bynt, fjouwer plakken selektearre dy't in opknapbeurt fertsjinje.

It giet om it feanslúske Helomapolder by Wolvegea, it Schotbalkhokje by de Slachtedyk, Jongemastate yn Raerd en de einekoai Eanjumerkolken by Eanjum. Stimme kin fan sneon ôf fia Facebook.

It Fryske Gea wol him njonken natuerbehear ek mear ynsette foar de beskerming fan kultuerhistoaryske eleminten en Frysk erfguod. De programmamakkers fan Bynt ha fan alle fjouwer lokaasjes reportaazjes makke. Dy binne fan 15 oant en mei 18 septimber te sjen op televyzje. Stimme op ien fan de bysûndere lokaasjes kin fan sneon ôf op de Facebookside fan Bynt. Under de stimmers wurden 50 eksimplaren fan it boek 'Sicht Op Fryslan' ferlotte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)