Stimbus Schurerpriis iepen

06 apr 2012 - 14:57

De kommisje fan de Fedde Schurer Literatuerpriis hat freed de shortlist bekend makke foar de Fedde Schurer Publykspriis. Thys Wadman, Hidde Boersma, Elske Kampen, Eeltsje Hettinga en Abe de Vries meitsje dit jier kâns op de priis. De shortlist is opsteld troch de kommisje dy't deputearre steaten ek advys jout foar de gewoane Fedde Schurerpriis.

De publykspriis wurdt lykas de sjuerypriis om de trije jier troch de provinsje Fryslân útrikt foar it bêste Fryske debút of debút yn in nij sjenre. De priis is 2000 euro.

It Fryske lêzerspublyk kin op de site fedde2012.nl syn stim útbringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)