Stimburo's iepen foar Europa

22 maaie 2014 - 06:52
  • Ien fan de stimburo's yn it gemeentehûs fan Drachten
  • CDA-kandidaat Wim Eilering

Yn alle Fryske gemeenten mei tongersdei stimd wurde foar it Europeesk parlemint. Tegearre mei Grut-Brittannië is Nederlân it earste lân dêr't stimd wurde kin, de oare lannen yn de Europeeske Uny hâlde freed, sneon of snein har ferkiezings. De offisjele útslach, ek de Nederlânske, wurdt pas sneintejûn bekend makke.

De ferwachting is dat de Nederlânske opkomst gelyk wêze sil oan dy fan fjouwer jier lyn, dy wie doe 36,5 prosint. Fryslân siet dêr mei 36,4 prosint krekt ûnder. De stimburo's binne tongersdei iepen fan 07.30 oant 21.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)