Stimburo's iepen

09 jun 2010 - 08:23

De stimburo's yn Fryslân binne woansdeitemoarn om healwei achten iepen gien. Yn It Hearrenfean en yn Ljouwert koe al in oere earder stimt wurde op de kandidaten foar de twadde keamer. Yn dizze beide plakken binne mobyle stimburo's.

Op It Hearrenfean stie it stimburo moarns by it NS-stasjon. Tsientallen minsken stimden der moarns. De stimburo's binne oant woansdeitejûn njoggen oere iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)