Stimburo's binne iepen

11 mrt 2003 - 00:00

Om healwei achten binne tiisdei ek yn Fryslân de stimburo's iepengien foar de provinsjale steateferkiezings. By de stimburo's yn de fiif grutte plakken wie it moarns hiel rêstich.

Oan de ferkiezings dogge alve partijen mei. De SP en de LPF binne nij. Der wurdt net in hege opkomst ferwachte. Yn 1999 hie Fryslân mei 54 prosint it heechste opkomstpersintaasje fan hiel Nederlân. De stimburo's slute om njoggen oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)