Stilte om oanslaggen Madrid

15 mrt 2004 - 00:00

Yn neifolging fan hiel Europa hat it ek yn Fryslân 3 minuten stil west foar de slachtoffers fan de oanslaggen yn Spanje. Bussen en treinen stiene stil, by guon bedriuwen gie de stekker út 'e telefoan en de flagge healstôk.

Ien fan dy bedriuwen is Llasser y Navarro yn Dokkum. It transportbedriuw hat alle dagen kontakt mei sjauffeurs en klanten yn Spanje. Neffens direkteur Meelker binne de bluodderige oanslaggen noch lang net ferwurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)