'Stilte grutste earbetoan'

04 maaie 2013 - 21:08
  • it fersetsmonumint yn de Ljouwerter Prinsetún

Yn de drokke en lawaaiïge maatskippij fan hjoed-de-dei is twa minuten stilte it grutste earbetoan. Dat sei boargemaster Crone fan Ljouwert sneontejûn by de provinsjale deadebetinking yn de Prinsetún yn Ljouwert. Crone helle ek it tema fan de betinking fan dit jier oan: Vrijheid spreek je af. Neffens Crone jildt dat net allinne ynternasjonaal, mar bygelyks ek op strjitte, it skoalplein en ynternet.

Neist de taspraak fan Crone waarden der krânsen lein en lies learling Denise Pennewaard fan it Stêdlik Gymnasium in selsmakke gedicht foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)