Stiller spoar Deinum-Dronryp

13 okt 2006 - 15:28

It seis kilometer lange stik spoar tusken Deinum en Dronryp wurdt fernijd. It risseltaat is dat it spoar minder leven jout foar de minsken dy't deroan wenje. Tusken snein 22 oktober en 28 oktober komme der nije rails en nije bielzen te lizzen. Ek wurdt it grint ferfongen.

Om de oerlêst foar treinreizgers en omwenners te beheinen wurdt der dei en nacht wurke. Yn dizze perioade ride der bussen tusken Ljouwert en Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)