Stille tocht op It Hearrenfean

12 nov 2004 - 11:02

As protest tsjin it ekstreme geweld yn de mienskip wie der tongersdeitejûn in stille tocht op It Hearrenfean. De tocht gong út fan 'Rood', de jongere- ôfdieling fan de Sosjalistyske Partij op it Hearrenfean. Rood hie alle tsjerken en skoallen yn de buert frege om ek mei te rinnen yn de tocht.

De tocht gong troch it sintrum fan It Hearrenfean en nei it gemeentehûs dêr't in riedsgearkomste plakfûn. Dêr waarden wite kearsen útdield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)