Stille tocht foar Parkflat

10 nov 2003 - 00:00

Yn Boalsert wie moandei in stille tocht foar de asylsikers yn 'e Parkflat. De tocht waard organisearre troch de Ried fan Tsjerken, Flechtlingewurk en in grut tal frijwilligers. De Boalserter polityk wie ek útnoeg.

It hierkontrakt fan it COA mei wenningstichting De Fryske Greiden rint meikoarten ôf. It COA wol de asylsikers ûnderbringe yn reguliere sintra. De asylsikers wolle langer bliuwe en in grut tal Boalserters stipet harren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)