Stille tocht foar hûn Argos

12 jan 2014 - 11:06
  • Stille tocht foar hûn Argos, eigenaresse Maria Bons rint foarop (rjochts fan de persoan mei de urn)
  • De tocht einige by in beam yn it Julianapart
  • Maria Bons en ien fan har bern
  • Stille tocht foar hûn Argos

Fyftich minsken hawwe sneintemiddei yn Ljouwert meirûn yn in stille tocht foar hûn Argos. Eigeneresse Maria Bons rûn yn wite klean mei har bern foarop. In pear wike ferlyn waard har hûn deamakke yn de Curaçaostrjitte. Dêr kaam in protte protest op yn de sosjale media.

De stille tocht gie fan de achterkant fan it NS-stasjon nei it Julianapark. In urn mei de jiske fan de ombrochte hûn gie ek mei yn de tocht. By in beam yn it park stutsen minsken kearskes oan.

Maria Bons kaam mei har seis bern mei de krystdagen op strjitte te stean. Se hie de hûn oan twa Ljouwerters tabetroud oant se wer in hûs krije soe. De hûn waard sa swier mishannele dat er ôfmakke wurde moast. De twa Ljouwerters fan 44 en 53 binne dêrfoar oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)