Stille preamen yn Alde Feanen

23 maaie 2005 - 16:40

Yn de Alde Feanen komme trije sylpreamen mei flústermoters te farren. It giet om replika's fan boerepreamen dy't hûndert jier lyn brûkt waarden foar it ferfier fan fee en molkbussen.

De preamen binne bedoeld om mei groepen op te farren. Se binne boud yn it ramt fan in ynternasjonaal projekt dat as doel hat om duorsum ferfier yn en nei nasjonale parken te stimulearjen. De preamen wurde freed doopt yn Earnewâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)