Stille Pinkster yn Boalsert

02 jun 2001 - 00:00

Boalsert belibbet dit wykein opfallend stille Pinksterdagen. Fanwege de tongblierkrisis giet de Fytsalvestêdetocht dit jier oer. De strjitten, sportfjilden en hoarekagelegenheden yn 'e Gysbert Japicxstêd binne sawat útstoarn.

De pleatslike ûndernimmers kleie oer it lege tal boekings. It minne waar spilet dêr ek yn mei. Nei alle gedachten sille guons de tocht dochs fytse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)