Stil protest yn Wytmarsum tsjin azc

13 apr 2016 - 16:25
  • Spandoeken yn Wytmarsum

Der wurdt tongersdeitejûn yn Wytmarsum in stil protest hâlden tsjin de komst fan in azc yn it doarp. Op in soad plakken yn it doarp binne tiisdei ek protestbuorden en spandoeken ophongen mei teksten tsjin it azc.

De ynwenners fan it doarp binne ferdield oer de demonstraasjes en spandoeken, dy't in reaksje binne op it stânpunt fan it gemeentebestjoer fan Súdwest-Fryslân. Dy bliuwt by it beslút om 200 asylsikers op te fangen yn it sintrum fan it doarp.

"Geen Jihad in onze straat"

Teksten op de spandoeken as "Geen Jihad in onze straat" en tekeningen fan bargekoppen, fine de measte Wytmarsumers lykwols te fier gean.

In grut part fan de ynwenners fan Wytmarsum is tsjin op de plannen foar in azc midden yn it doarp. Sy fine it oantal fan 200 minsken op dat plak tefolle. Se hiene leaver minder sjoen, of 200 asylsikers op in lokaasje bûten it doarp. As alles neffens plan ferrint, giet it AZC ein dit jier iepen.

It stil protest begjint tongersdeitejûn om 18:30 oere. De organisaasje ferwachtet in grutte opkomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)