Stikstof frijkommen by ûngelok

25 nov 2005 - 09:19

By Bears is in frachtwein mei 30.000 floeibere stikstof kantele. De auto wie ûnderweis nei de hynstehâlderij fan Van der Lageweg, mar hy rekke yn de sleat. Flotlûken slaggen net en dêrom is besletten de stikstof rinne te litten. Boppe it plak fan it ûngelok hong in wite kondinswolk.

De loazing is net skealik foar minsk en miljeu. De stikstof wurdt brûkt foar it goedhâlden fan ynferzen sperma. De wein wurdt tongersdeitenacht bewaakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)