Stikkene kachel fersteurt skoaldei op Bornego College

05 jan 2015 - 12:54
  • Bornego kolleezje

De learlingen fan it Bornego College op De Jouwer binne moandeitemoarn nei twa lesoeren al wer nei hûs ta stjoerd. It wie te kâld yn it skoalgebou en dêrtroch koene de bern it net waarm hâlde. De ferwaarming wie yn de krystfakânsje útfallen en dat waard pas moandeitemoarn dúdlik.

Oarsaak foar de steuring wie dat der net genôch wetter yn de CV-tsjettel siet. Neffens de konsjerzje duorret it in dei foardat it hiele gebou wer op temperatuer is. Tiisdei kinne de learlingen dus wer gewoan nei skoalle ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)