Stikkene diken troch teiwaar

14 jan 2003 - 00:00

It teiwaar soarget foar grutte skea oan de wegen yn 'e gemeente Achtkarspelen. Yn de klinkerdiken yn de Harkema, Bûtenpost en Stynsgea sitte gatten. De skea komt troch troch swiere reinfal yn kombinaasje mei strange froast. De gemeente hat warskôgingsbuorden delset, mar de diken sels binne net ôfsletten. Achtkarspelen wachtet oant nei de winter mei it tichtmeitsjen fan de gatten. It is noch net dúdlik wat dat kostje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)