Stikkene boppelieding Wolvegea

04 jun 2003 - 00:00

It treinferkear tusken It Hearrenfean en Steenwijk rûn woansdeitemoarn grutte fertraging op troch in stikkene boppelieding. In frachtwein hie de lieding by de spoarwei-oergong by Wolvegea rekke. Gefolch wie dat tûzenen treinpassazjiers de bus nimme moasten.

Ek it autoferkear moast de hiele dei omride. Yn de rin fan de middei is de spoarbaan wer frijjûn. De kosten rinne yn de hûnderttûzenen euro's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)