Stikken fan caravans op Flylân

22 des 2011 - 18:38

Op Flylân binne fan tongersdeitemiddei ûnderdielen fan caravans en hout op it strân oanspield. It guod komt fan twa skippen dy't tiisdei de lading ferlearen boppe de Fryske waadeilannen. It iene skip ferlear 45 pakken hout, it oare ferlear twa grutte caravans.

Op Skylge wie woansdei al in soad hout oanspield en no koene dus ek de jutters fan Flylân mar oan de slach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)