Stikken dún fuortspield op Waadeilannen

11 jan 2015 - 17:58
  • It Amelân

De Noardseestrannen fan de Waadeilannen hawwe te lijen hân fan it hege wettter. Op It Amelân binne oer in ôfstân fan 100 meter stikken dún fuortspield. As it wer stoarmich waar wurdt mei heech wetter sil natuergebiet Lege Dunen-Noard der foar in part ûnder strûpe, ferwachtet Rykswettersteat. Op Flylân en Skylge binne ek stikken dún ferdwûn.

Neffens Rykswettersteat is der gjin sprake fan libbensbedriigjende situaasjes op de Waadeilannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)