Stikeme fotograaf oanhâlden

15 sep 2003 - 00:00

In jonge fan 18 jier út Dokkum is snein yn it swimbad oan de Parkleane oanhâlden. Hy hie mei syn mobile telefoan foto's makke fan in frou dy't har oan it omklaaien wie.

Neffens de plysje hie de frou (44) in idee wa't de jonge wie om't se al in skoft yn de gaten hâlden waard. De badmaster hat de jonge út it wetter helle en oan de plysje oerdroegen. Tsjin de Dokkumer is proses-ferbaal opmakke. Syn gsm is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)