Stik 'Us jonges' yn Dronryp

28 sep 2008 - 13:32
  • It stik 'Hair' waard yn 2005 opfierd

Iepenloftspul Dronryp bringt yn 2009 wer in muzikaal stik op de planken. It publyk wurdt meinommen nei it tiidrek 1940 - 1970. Fan de Twadde Wrâldoarloch ôf trede sjongeres Dixie en har artistike partner Eddie op foar de Amerikaanske troepen. 20 jier nei it lêste optreden wurdt as hommaazje oan it duo in televyzjeshow makke.

Janneke Bergsma regissearret it stik. Op 8 novimber wurdt de audysje hâlden. Opjefte foar de audysje kin fia e-mail: info@iepenloftspuldronryp.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)