Stik Tryater nominearre

28 okt 2009 - 14:04
  • Stik Tryater is nominearre foar de publykspriis
  • Fan de stêd en it libben wurdt noch oant desimber spile

It stik 'Fan de stêd en it libben' fan Tryater is nominearre foar de AVRO Toneel Publieksprijs. Yn it stik stiet de grutte stêd sintraal as metafoar foar it libben. It is in geastich, lyrysk en romantysk stik, dat noch oant desimber spile wurdt.

Elkenien kin fia ynternet stimme op de nominearre stikken. De winner krijt jild en promoasjemateriaal. De útrikking is septimber takom jier, by it Gala van het Nederlands Theater yn Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)