Stik strân spielt fuort

10 jan 2005 - 16:37

De hurde wyn fan de ôfrûne dagen hat foar skea soarge oan it strân fan Flylân. By de jachthaven oan de eastkant fan it eilân is troch de streaming in diel fan it strân fuort spield. Dy streaming is ûntstien troch de hurde westewyn.

Rykswettersteat sil it strân fan 't simmer opspuitsje. Dat wurk wie al pland, omdat der faker strân fuortspielt oan de eastkant fan Flylân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)