Stik oer Grinzers en Friezen

22 jan 2014 - 16:06
  • Lokaasjeteater Leeghwater by Breezanddijk op de ôfslútdyk

De Fryske teatermakkers fan BUOG ha in plan foar in nij teaterstik. Se wolle wat dwaan oer de relaasje tusken Grinslân en Fryslân, op de grins tusken beide provinsjes. It stik Grensland is in gearwurking mei de stichting Peerd út Grinslân. Yn Grensland wolle Grinzers en Friezen mei elkoar gearwurkje, mar dat resultearret úteinlik yn in fjildslach. It stik wurdt yn septimber seis kear opfierd yn Fryske Peallen. Op dat plak is yn 1724 it grinsferdrach tusken beide provinsjes tekene waard. BUOG makke lêsten it stik Leeghwater op de Ofslútdyk.

BUOG siket foar it nije stik minsken út de regio dy't sjonge, dûnsje en spylje kinne. Ek binne muzikanten, ruters, motorriders en minsken nedich dy't bekend binne mei artillery en kanonnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)