Stik minder wettersporters

19 jul 2012 - 09:23

Der hawwe oant no ta in kwart minder boatsjefarders yn ús provinsje west yn fergelyk mei ferline jier. Dat meldt de provinsje. Dy tinkt dat net allinne it minne waar, mar benammen ek de ekonomyske krisis dêr de oarsaak fan is.

Neist dat der minder te fertsjinjen falt foar rekreaasje-bedriuwen by de wetters yn Fryslân, hawwe benammen ek boatsjeferhierders der lêst fan. Ek helje brêgewippers minder jild binnen. Neffens de provinsje sil de skea dizze simmer ek net mear ynhelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)