Stik Levy twa kear útferkocht

05 jun 2009 - 16:09

It iepenloftstik Levy fan de stifting Iepenloftspul Burgum is al op twa data útferkocht. Neist fan woansdei 10 juny binne no ek fan 'e premjêrdei freed 5 juny alle kaarten fuort.

Dit jier bestiet it iepenloftspul yn Burgum fyftich jier. Yn it stik stiet de joad Salomon Levy sintraal. Der binne mear as njoggentich meiwurkers dwaande mei de iepenloftproduksje. Yn it teater is plak foar 600 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)