Oerlis oer ûnrêst Hearrefean

13 jun 2013 - 15:28

It Stichtingsbestjoer fan SC Hearrenfean hat woansdeitejûn in earste oerlis hân mei de ferûntrêste groep fan supporters, sponsors en personielsleden. Dy easke fan 't wykein dat der in ûnôfhinklik ûndersyk komt nei de ûnrêst by de klup. Dat ûndersyk soe dien wurde moatte troch in ûnôfhinklike kommisje dêr't meardere persoanen yn sitte. Oer de útkomst fan it petear wolle de belutsen partijen noch net in soad sizze. Wol is der ôfpraat dat der begjin nije wike fierder praat wurde sil.

Neffens Ben Takkenberg, wurdfierder fan de ferûntrêste personielsleden, hawwe se twa stappen foarútset yn it sykjen nei in oplossing. "We zijn in gesprek en we hebben het gevoel dat het stichtingsbestuur ons serieus neemt". Earder hat de 'opposysje' it fertrouwen al opsein yn direksje en ried fan kommissarissen. De kâns dat der in ûnôfhinklik ûndersyk komt, útfierd troch in ûnôfhinklike kommisje, liket hieltyd grutter te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)