Stifting tsjin 'Heak' oprjochte

03 apr 2004 - 00:00

De stifting Behâld Iepen Middelseegebiet is sneon oprjochte yn Weidum. De stifting hat as doel om de heak om Ljouwert te kearen út it gebiet dêr't it no komme moat. Mei aksjes, wêrûnder in hantekenaksje, wol de stifting it kabinet op oare tinzen bringe.

De stifting is ek oprjochte om makliker in rjochtsaak oanspanne te kinnen om de heak te kearen. It âlde Middelseegebiet moat neffens har sa bliuwe as it is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)